'Topsportstatus yn Zoetermeer'

05 jun 2014 - 12:25
  • Topsportsintrum Zoetermeer

De plannemakkers fan it iisstadion TranSportium yn Zoetermeer gean der fanút dat sy no as earste yn de beneaming komme foar de topsportstatus fan 'e NOC*NSF. Dat seit inisjatyfnimmer Frank Heijerman fan TranSportium yn reaksje op it net troch gean fan de bou fan Icedôme Almere. TranSportium einige earder yn de kompetysje foar de topsportstatus as twadde achter Icedôme. De plannen fan Zoetermeer hawwe wol in skoft stillein en moatte opnij oppakt wurde. De bou kin no op syn gaust yn 2016 útein sette.

Mar dan moat de finansiering earst wol rûn wêze. Heijerman hopet dat der yn de takomst in gearwurking mei Thialf komme kin. De ferbouwing fan Thialf moat yn 2016 klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)