"Topsporters fan herte wolkom yn iishal Ljouwert"

27 feb 2015 - 12:11
  • Artist impression fan de nije iishal yn Ljouwert

De topsporters binne fan herte wolkom om takom seizoen te trainen yn de nije iishal fan Ljouwert. Dat seit direkteur Johan van der Kooi. Reedrydster Ireen Wüst ropt freed yn har kollum yn de Telegraaf op om de trainings nei Ljouwert te ferpleatsen sa lang as Thialf ferboud wurdt. Dêrfoar moat dan wol in goed klimaatsysteem ynstallearre wurde. Dat is neffens Van der Kooi gjin probleem, want dat stiet al yn de planning. Dit systeem kin de temperatuer en de luchtfochtigens regelje.

De bedoeling is wol dat de reedriders wer yn Thialf traine as de ferbouwing dêr klear is. De Ljouwerter iishal sil him benammen op rekreanten rjochtsje, en Thialf op de topsporters.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)