Topsimmer foar Natuermuseum

14 sep 2011 - 09:56

It Frysk Natuermuseum hat in absolute topsimmer achter de rêch. Der kamen goed 4000 besikers mear as oare jieren yn de simmer nei it museum yn Ljouwert. De ekstra drokte hie te krijen mei it minne waar.

Ek dizze maitiid hie it museum al mear minsken binnenhelle as oare jierren troch de grutte belangstelling foar de spesjale dinosaurusútstalling. Mei de goeie simmer derby is de direksje der wis fan dat dit it bêste jier wurdt yn it 24-jierrige bestean fan it museum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)