Topruter rekket hynder kwyt

07 jul 2009 - 21:08
  • Iy hynder fan Nathalie van der Mei wurdt ferkocht

It hynder fan springruter Nathalie van der Mei fan Makkingea wurdt ferkocht. Van der Mei hat de lêste moannen grutte suksessen helle mei it hynder Heechhiem's Springtime, mar moat der no ôfskie fan nimme.

De ûnderhannelings tusken eigner Van der Meer fan Burgum en de Amerikaanske keaper binne al safier dat Van der Mei dit wykein net mear mei Springtime útkomme sil op it konkoers hippyk fan Geesteren. Ein maaie waard Van der Mei opnaam yn de nasjonale ruterploech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)