Toppers by NK inline skaten

18 aug 2014 - 16:23
  • Jorrit Bergsma

Mearfâldich wrâldkampioen inline-skaten Bart Swings stiet sneon oan de start by it Iepen Nederlânsk kampioenskip yn Hallum. De Belch sil it opnimme tsjin ûnder oare Jorrit Bergsma fan Aldeboarn, Crispijn Ariëns fan Wolvegea en Arjan Stroetinga fan Waskemar.

Ek by de froulju steane der grutte nammen oan de start. Sa giet de Amerikaanske Heather Richardson de striid oan mei Elma de Vries en de pleatslike favorite Maria Sterk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)