Topografyske Wurkgroep riedt Waadhoeke oan as nije namme

22 okt 2015 - 18:58

De Topografyske Wurkgroep Fryslân ropt ynwenners fan de fúzjegemeente yn Noardwest-Fryslân op om yn de twadde omloop te kiezen foar de namme Waadhoeke. Ynwenners kinne ynkoarten kieze tusken Waadhoeke en Nij-Westergo foar de nije gemeente. De namme Franeker foel yn in eardere omloop al ôf. Neffens de Wurkgroep foldocht de stavering fan Nij-Westergo net oan it Biltsk, it Nederlânsk en de offisjeel fêststelde stavering fan it Frysk troch Provinsjale Steaten, dy't achte wurdt brûkt te wurden troch de oerheidsorganen, lykas in gemeente.

Neffens de Wurkgroep moat der goed neitocht wurde oer de namme om't it giet om in gemeentenamme foar miskien wol fjirtich of fyftich jier en net oer dy fan in yochertdrankje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)