Topminsken suvelbedriuw fuort

04 maaie 2009 - 23:10

Der ferdwine twa minsken út de top fan it nije fúzjebedriuw FrieslandCampina. De suvelgigant nimt ôfskie fan Theo Spierings en André Boudewijns. Spierings wie de baas fan de ynternasjonale konsuminteprodukten en Boudewijns hie it de lêste tiid foaral drok mei it begelieden fan de fúzje fan Friesland Foods en Campina.

Hy wie earder de finansjele topman fan Friesland Foods. Spierings wie ek de waarnimmend foarsitter fan de konserndireksje by Friesland Foods.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)