Topman fan Laurus út ambt setten

31 aug 2001 - 00:00

Topman Van der Straaten fan supermerkkonsern Laurus is út syn ambt setten. De rie fan kommissarissen hat him foarearst nei hûs ta stjoerd, sa waard freed bekend. Van der Straaten waard it ôfrûne wykein al ûnder tafersjoch steld fan de kommissarissen. Under de topman is de ombou fan 800 winkels nei de Konmar-formule mislearre. De operaasje is no stillein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)