Topman Cees 't Hart giet fuort by FrieslandCampina

18 feb 2015 - 07:48
  • FrieslandCampina

Topman Cees 't Hart fan FrieslandCampina stapt oer nei de Deenske bierbrouwer Carlsberg. 't Hart is sûnt 2008 wurksum by it suvelkonsern. Hy wie doetiids ferantwurdlik foar de gearfoeging fan Friesland Foods en Campina ta FrieslandCampina.

De opfolger fan 't Hart wurdt Roelof Joosten, dy't sûnt 2012 diel útmakket fan it bestjoer fan it suvelbedriuw. Beide manlju begjinne yn juny oan harren nije funksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)