Topklubs net by Eurofuotbal

25 maaie 2007 - 22:18

De organisaasje fan it Eurofuotbaltoernoai hat te krijen mei it fuortbliuwen fan Europeeske topklubs. It toernoai is foar spilers oant 19 jier. Ploegen lykas Barcelona en Chelsea spylje leaver op toernoaien dêr't se jild krije. De organisaasje tinkt der dêrom oan om de leeftydsgrins te ferleegjen.

SC Hearrenfean docht wol mei oan it toernoai. Se setten freed útein mei in 1-1 lykspul tsjin Internacional (Bra).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)