Topjier Histoarysk Sintrum

31 des 2011 - 12:59

It Histoarysk Sintrum Ljouwert hat yn 2011 in rekôr oantal besikers lutsen, nammentlik hast 20.000. Yn 2007 hat it Ljouwerter stedsargyf in nij ûnderkommen krigen en de taak wie doe om ek mear besikers binnen te heljen. It besikersoantal fan it HCL is yntusken no trije kear sa heech.

Dochs fertsjinnet it sintrum net in soad jild mei dizze oantallen, omdat argiven foar elkenien beskikber wêze moatte en se dêrom hast gjin tagongsjild freegje meie. Boppedat krijt it bedriuw mei besunigings te krijen. Takom jier is it HCL dêrom ek minder iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)