Topjier foar Ljouwerter iishal

17 jan 2006 - 08:50

De Ljouwerter iishal draait dit jier in topjier. Sa dogge goed fjouwertûzen bern mei oan de lessen fan it skoallereedriden, mar ek binne der folle mear rekreative reedriders. Al mei al hopet de iishal dit jier op goed 90 tûzen besikers te kommen, dat betsjut in groei fan 10%.

Yn de kommende jierren hopet men te groeien nei seistûzen dielnimmers foar it skoalreedriden. De ljouwerter iishal wol hjirby gearwurkje mei Thialf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)