Topjier foar iishal Ljouwert

19 mrt 2007 - 16:45
  • Trainende bern yn Ljouwerter iishal

De Ljouwerter iishal hat in topseizoen hân wat besikers oanbelanget. Oars kamen der 80.000 riders yn in seizoen, dat binne no oer de 100.000. De taname komt troch de gruttere belangstelling foar it keunstriden, mar ek troch de gruttere groepen skoalbern.

Der wurdt ûndersyk dien nei nijbou fan de hal. De âlde foldocht oer in pear jier net mear oan de Europeeske miljeuregels. De gruttere taname sil trochsette, sa is de ferwachting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)