Tophynder Okidoki is dea

22 jul 2010 - 17:35

Fokker Obbe Boonstra fan it ferstoarne tophynder Okidoki fynt it spitich dat er net mear libbet. Okidoki waard berne by Boonstra yn Aldehaske. Hy krige doe de namme Oliver. Doe't er trije jier wie, waard er ferkocht oan in boer yn Drinte. Letter kocht springruter Albert Zoer de hynst. Mei Okidoki hat dy hiel wat prizen helle.

Begjin juny rekke Okidoki blessearre. Nei in operaasje en komplikaasje. ferstoar it hynder woansdei. It wie it bêste hynder dat Boonstra ea fokt hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)