Topeksposysje 'bisten binnenstebûten' nei Natuermuseum

18 feb 2015 - 15:19

It is Natuermuseum Fryslân slagge om foar de kommende hjerst in topeksposysje nei Ljouwert te heljen. It giet om de útstalling 'Animal Inside Out', dy't yn Ingelân en Amearika al hûnderttûzenen besikers lutsen hat. Animal Inside Out lit sjen hoe't hiel útienrinnende bisten as oaljefanten, sjiraffen, gorilla's en haaien der fan binnen út sjogge. De eksposysje liket op de eardere útstalling 'Bodies Inside Out' oer de minsk, mar is eins folle nijsgjirriger, seit direkteur Gerk Koopmans fan it Natuermuseum.

Natuermuseum Fryslân krijt de Nederlânske primeur fan Animal Inside Out. Dat de eksposysje nei grutte stêden as Londen, Chicago en Frankfurt ek yn Ljouwert te sjen wêze sil is te tankjen oan de útferkiezing fan Ljouwert ta kulturele haadstêd fan Europa, seit Koopmans. De eksposysje is fan de hjerstfakânsje ôf in pear moanne lang yn it museum te sjen. Koopmans rekkenet yn dy perioade op sa'n 45.000 besikers.

It museum moat wol oeral helle wurde om de útstalling mooglik te meitsjen. Sa wurdt it grutte sintrale atrium tydlik fertsjustere mei tintdoeken. Ek moat in part fan de fêste kolleksje tydlik romte meitsje foar 'Animal Inside Out'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)