Topdrokte yn Fûgelhelling

09 aug 2010 - 13:56
  • Dizze ûle hat ek in plakje krigen (foto's Omrop Fryslân)
  • Topdrokte yn de Fûgelhelling

It is smoardrok by de Fûgelhelling yn Oerterp. Nea earder wie it sa drok yn de opfang. Der binne yn in healjier tiid al sa'n 4000 bisten brocht, oer hiel 2009 wiene dat 4500. It giet om sa'n 2900 wylde fûgels en sa'n 1000 oare bisten. De Fûgelhelling wol dêrom it asyl útwreidzje mei twa hokken.

Takom jier wurde der ek wer in soad fûgels ferwachte. Yn Grins hâldt nammentelik in fûgelopfang op en dat betsjut mear drokte foar de Fûgelhelling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)