Topdrokte yn Fries Museum

11 aug 2013 - 14:52
  • Yn it museum wurdt hurd wurke oan de ynrjochting

Yn it Fries Museum yn Ljouwert wurdt alles op alles set om de ynrjochting fan it museum op tiid klear te hawwen foar de start op 13 septimber. Dan sil keninginne Máxima de offisjele iepening dwaan. Al yn juny 2012 waard it nije gebou oan it Saailân oplevere, mar doe moast it earst noch droegje. No wurdt mei 150 man wurke om fitrines te bouwen, ljocht op te hingjen en teksten by objekten te pleatsen.

It spannendste foar de meiwurkers is it ophingjen fan skilderijen en it pleatsen fan de fibula fan Winaam en it swurd fan Grutte Pier.

Der moat hiel foarsichtich wurke wurde, om te foarkommen dat skilderijen of objekten skansearre reitsje. De besikers fan it museum kinne mar kwalik wachtsje. Alle dagen komme der seker tweintich minsken om 'e nocht by de baly, dy't weromstjoerd wurde moatte omdat it museum noch net klear is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)