Topdrokte by TNT Post

23 des 2008 - 10:59
  • Topdrokte op de sortearsintra

Wylst sa'n bytsje heal Nederlân fakânsje hat, hat ien it smoardrok: de postrinner. By de postbedriuwen draaie se op folle toeren om alle krystkaarten foar de kryst te besoargjen. TNT post yn Ljouwert hat dizze dagen 50 man ekstra oan it wurk.

Allinnich al yn de stêd Ljouwert moatte twa miljoen krystkaarten besoarge wurde. Foar hiel Fryslân giet it om sa'n acht oant tsien miljoen krystkaarten. Al mei al ferwurket TNT Post twa kear safolle post as oars.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)