Topdrokte by fleanbasis

07 jul 2001 - 00:00

De twadde dei fan de iepen dagen fan de fleanbasis yn Ljouwert lûkt mear besikers as freed. Doe kamen tusken de 80.000 en 90.000 spotters te sjen. Sneon binne der oan de ein fan de moarn al mear as 100.000 minsken teld.

De grutte belangstelling foar it evenemint soarget foar ferkearsdrokte yn en om Ljouwert hinne. Op de âlde Rykswei by Marssum en op de A32 stienen files.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)