Topdrokte by belestingtsjinst

08 mrt 2012 - 16:44

It is topdrokte dizze moanne by de belestingtsjinst yn Ljouwert. Want it is wer de tiid fan it ynfullen fan de belestingoanjefte. Goed 250 minsken sitte hjir klear om te helpen by it dwaan fan de belestingoanjefte. Der wurde dizze moanne hast in miljoen tillefoantsjes ferwachte. Ek op Twitter is de belestingtsjinst berikber fia @BDaangifte.

Alle ekstra meiwurkers ha earst in oplieding fan seis wiken hân. Dat is nedich om't de belestingtsjinst it net meitsje kin dat se ferkearde ynformaasje jout.

=

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)