Top SC Hearrenfean swijt

05 apr 2011 - 13:21

De lieding fan Sportklup Hearrenfean wol op dit stuit neat sizze oer de sitewaasje by de fuotbalklup. Direkteur Robert Veenstra wol letter dizze wike pas reagearje. Trainer Ron Jans is fan freed ôf wer beskikber foar de parse, mar dan mei it allinnich gean oer de wedstriid tsjin PSV. Oer rânesaken wol de trainer neat kwyt, hy wol him konsintrearje op it sportive part fan syn funksje.

Hearrenfean hat nei de winterstop noch mar ien wedstriid wûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)