Top reedrydwrâld yn Thialf

07 mrt 2013 - 18:09

De wrâldtop fan it reedriden sammelet him dit wykein yn Thialf foar it finalewykein fan de wrâldbeker. Foar guon is it in wichtige wedstriid, omdat se harren pleatse moatte foar it WK ôfstannen oer fjirtjin dagen yn Sotsji. Foar oaren, lykas bygelyks Sven Kramer, is it net mear as in opwaarmerke foar dat WK. Kramer is dêr favoryt op de 5 en 10 kilometer en ek mei de efterfolgingsploech.

Foar Thijsje Oenema fan De Jouwer is dizze wrâldbekerwedstriid op Thialf ek in soart test foar Sotsji.

It WK ôfstannen yn Ruslân op de Olympyske baan fan Sotsji 2014 is it lêste toernoai fan dit seizoen. It begjint op 21 maart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)