Top frouljusrugby nei Drachten

29 apr 2008 - 11:53

De wrâldtop fan it frouljusrugby is op 20 maaie yn Drachten. De lanneteams fan Ingelân, Ierlân, Sweden en Spanje komme dan út yn twa heale finales yn it ramt fan it EK. De wedstriden binne by de Rugby_Club-Drachten.

Benammen de komst fan Ingelân is bysûnder. Dat lân ferlear twa jier lyn krekt de WK-finale fan Nij Seelân en behelle okkerdeis noch foar de tredde kear achter elkoar in oerwinning op it wichtige seislannetoernoai. Ingelân is favoryt by it EK.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)