Toon Hermans Hûs jûns iepen

04 nov 2009 - 11:39
  • It hûs sil jûns mooglik ek iepen wêze

It Toon Hermans Hûs yn Ljouwert wol mear besikers lûke troch ek jûns iepen te wêzen. It oanrinhûs foar minsken dy't mei kanker konfronteard wurde, is no inkeld oerdeis iepen. Alle wiken komme der sa'n fyftich minsken.

Koördinator Kuiper wol de doarren mooglik ek wykeins iepen dwaan. Probleem dêrby is dat der te min frijwilligers binne. No binne der tolve gasthearen en froulju. Om ek jûns iepen te wêzen, binne tsien ekstra frijwilligers nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)