Tony Brundel kampioen IFKS

18 aug 2012 - 15:51
  • IFKS

Under de felle sinne op de Iselmar op De Lemmer is Tony Brundel sneon kampioen IFKS A-klasse skûtsjesilen wurden. De Lytse Lies fan Brundel kaam sneon as twadde oer de finish neidat Henk Regts om in protest foar te kommen syn earste plak krekt foar de finish út hannen joech en tredde waard. Geale Tadema waard earste.

Nûmer twa yn it einklassemint is Jelle Talsma wurden, dy’t sneon fjirde waard. Henk Regts einige op it tredde plak. Willem Prins degradearret út de A-klasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)