Tony Brundel is kampioen by de IFKS

08 aug 2015 - 15:51
  • Lytse Lies wint by De Lemmer

Tony Brundel is foar de sechsde kear kampioen wurden by de IFKS. Mei syn skûtsje de Lytse Lies wûn er de lêste wedstriid by De Lemmer. Twad waard De Drie Gebroeders fan Arend Wisse de Boer en tred Jeroen de Vos mei de Eelkje II. Tony Brundel wûn de wedstriid fan freed ek al.

Op de lêste dei fan it IFKS-skûtsjesilen wie it spannend wa't kampioen wurde soe. De Jonge Jasper fan Froukje Osinga-Meijer is twadde wurden yn it klassemint. Der binne in soad protesten, mar de winner stiet wol fêst.

Sjoch foar in wiidweidich ferslach en in analyze fan de wedstriid nei it Skûtsjesjoernaal, alle dagen nei Hjoed. De folsleine útslach en it klassemint is te finen op simmerynfryslan.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)