Tonny de Jong bliuwt earste

30 des 2000 - 14:51

By de froulju hâldt Tonny de Jong nei trije ôfstannen de lieding yn it klassemint. Op de 1500 meter moast se Renate Groenewold krekt foargean litte. De foarsprong, opboud op 'e earste dei, wie grut genôch om de lieding te hâlden.

Wieteke Cramer einige op de 1500 meter op it sechsde plak. Yn it algemien klassemint stiet se no op in moaie fiifde posysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)