Tonnen minder foar Snits

03 sep 2009 - 20:27

Snits is der net bliid mei dat de gemeente minder jild krijt foar de oandielen Essent trochdat it Dútske enerjybedriuw RWE dy oernimt. Snits soe 2,7 miljoen krije, mar omdat RWE de kearnsintrale yn Borssele net oernimt, wurdt dat 400.000 euro minder.

Snits ferwachtet dat dat jild letter noch wol komt, as de kearnsintrale dochs noch ferkocht wurdt. Wat it betsjut dat der minder jild komt, is noch net dúdlik. De ried moat noch prate oer in bestimming foar de sinten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)