Tonnen fan provinsje foar cruisehaven yn Harns

30 jun 2015 - 16:38
  • It cruiseskip komt de haven fan Harns binnen

De provinsje Fryslân stelt 733.000 euro beskikber foar in cruisehaven yn Harns. De Nieuwe Willemshaven yn Harns wurdt oant 8,5 meter djipte baggere. Ek komt der in driuwende steger fan 180 meter lang. Hjirtroch kinne cruiseskippen oant 160 meter lingte oanlizze yn de havenstêd.

Sûnt 2012 is de gemeente Harns al dwaande om har te ûntwikkeljen foar de cruise-yndustry. Doel is om sa ek mear toeristen nei it sintrum fan de stêd te lûken. De oanpak fan de Willemshaven kostet yn totaal 3 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)