Tongersdei Vaatstramanifestaasje

02 jun 2006 - 00:00

Op tongersdei 8 juny is der op it Waagplein yn Ljouwert in manifestaasje foar grutskalich DNA-ûndersyk yn de saak Marianne Vaatstra. Foar de manifestaasje is al de fereaske fergunning ôfjûn troch de gemeente.

Ofrûne tiisdei skraste de gemeente in manifestaasje op it Saailân, omdat de fergunning der doe net wie. De nije manifestaasje is in inisjatyf fan trije froulju út De Westerein. Ien fan de sprekkers is Hilbrand Nawijn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)