Tongersdei mear bekend oer nij Cambuurstadion

19 jan 2015 - 16:10
  • Cambuur stadion

Cambuur en de gemeente Ljouwert komme tongersdei byinoar om te praten oer it nije Cambuurstadion. Dat befestiget wethâlder Henk Deinum. "Wy sille it ha oer hoe't wy de ried hjiroer ynformearje sille", sa seit Deinum. Nije wike is der in besletten riedsfergadering dêr't it nije ûnderkommen op 'e aginda stiet.

De gemeente hat altiten tasein dat der yn jannewaris dúdlikheid komt oer wêr't it nije fuotbalstadion komme sil. Yn desimber hat de gemeente bekend makke dat der twa opsjes ûndersocht wurde sille.

Of it hjoeddeistige ûnderkommen wurdt renovearre, of der komt in folslein nij stadion by it WTC. No't in delegaasje fan Cambuur en de gemeente tongersdei byinoar komme, is it de ferwachting dat de gemeente in definitive kar makke hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)