Tongersdei debat oer De Lawei

08 okt 2014 - 08:53
  • De Lawei wurdt ferboud

De ried fan Smellingerlân praat tongersdei yn in spoeddebat oer De Lawei. It debat is oanfrege troch it CDA. Oanlieding is de útspraak fan de Raad van Arbitrage voor de Bouw. Dy stelde bouwer Van Norel út Epe yn it gelyk yn it konflikt dat dy hat mei de direksje fan De Lawei. Dat kostet it teater miljoenen. De gemeente hat him garant steld foar in miljoenebedrach.

It CDA en ek oare opposysjepartijen binne benaud dat de finansjele skea foar de gemeente noch folle heger oprinne kin. It debat is tongersdeitejûn om 19.30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)