Tongersdei briefing IS-missy

25 sep 2014 - 12:48
  • F16 Falcon

Meiwurkers fan de Ljouwerter fleanbasis wurde tongersdeitemiddei ynformearre oer de missy nei Irak. Nederlân stjoert seis F-16's. Ferkenners binne al nei Jordanië flein mei in ferkearsfleantúch om te besjen wêr't de F-16's it bêste stasjonearre wurde kinne.

Op de Fleanbasis Ljouwert wurkje mear as 800 minsken. Fleanbasis Volkel kin ek F-16's leverje foar de striid tsjin IS, mar earder waard al bekend dat in substansjeel diel út Ljouwert komme sil. Mooglik begjint de missy takom wike al.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)