Tongerlieders stellen

03 jul 2011 - 12:16

Fan it dak fan in bedriuw oan de Celsiusstrjitte yn Harns is goed 500 meter oan tongerlieders stellen. De skea is goed tsientûzen euro.

De stellerij moat tusken moandei en freed plakfûn hawwe. De tongerlieder wie út de befestingsdoppen lutsen en losknipt. De triedden oan de sydkant fan it gebou hiene de dieders sitte litten. It foel dus net fuortendaliks op dat de tongerlieder stellen wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)