'Tongblierskearegeling oanpasse'

29 okt 2004 - 11:59

De gemeenteried fan Dongeradiel wol dat de provinsje de tongblierskearegeling oanpast. De regeling soe yn de praktyk ûnrjochtfeardich útpakke.

Boeren út Ie en Anjum dêr't de bedriuwen yn 2001 romme binne, krije 70% fan de skea fergoede. Net romme boerebedriuwen út it tafersjochgebiet krije lykwols in útkearing dy 't oprinne kin nei 7 kear it skeabedrach. En dat fynt de gemeenteried fan Dongeradiel net earlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)