Tongbliermonumint yn Ie

05 apr 2004 - 00:00

Ie krijt in tongbliermonumint. It doarp waard yn april 2001 troffen troch de tongblier. Ek yn Eanjum wie in gefal fan tongblier. Alle pleatsen yn en om 'e doarpen binne doe romme. Doarpsbelang Ie fynt dat dat net samar fergetten wurde mei.

It monumint hat de foarm krigen fan in bankje mei ynskripsje. It stiet tichtby de pleats dêr't yn april 2001 tongblier ûntdutsen waard. Alle pleatsen yn in straal fan 2 km binne doe romme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)