Ton subsydzje foar keatsmuseum

19 aug 2014 - 17:03

It keatsmuseum yn Frjentsjer krijt in ton subsydzje fan de provinsje. It jild kin brûkt wurde foar de finansiering foar de nije lokaasje. It museum wol in âld bankgebou keapje, flakby it Sjûkelân. De gemeente Frjentsjerteradiel hat hjirfoar earder al 150.000 euro tasein.

Op dit stuit leit it guod dat yn it museum útstald wie yn in opslach. It museum siet earst yn it âlde gebou fan de Friesland Bank yn Frjentsjer, mar moast dêr út yn ferbân mei de ferkeap fan it gebou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)