Ton planskea Drachtsterfeart

10 aug 2008 - 11:17

De gemeente Smellingerlân is mear as in ton kwyt oan planskeafergoeding oan de bewenners fan fiif huzen oan de Sydwende yn Drachten. De minsken ha by de gemeente klage dat sy troch de oanlis fan it plan de Drachtsterfeart skea ha. Har útsicht is minder wurden en se krije lêst fan folle mear drokte troch de oanlis fan de nije wenwyk.

De gemeente Smellingerlân hat in ûndersykburo útsykje litten oft de klachten terjochte binne. Dat buro seit fan wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)