Ton foar skipsbou oan NHL?

15 maaie 2007 - 16:20

De NHL yn Ljouwert krijt nei alle gedachten goed in ton fan 'e provinsje foar de nije oplieding skipsboukunde. It jild is foar in 'komposytlab'. Komposyt is sterk en duorsum materiaal en sadwaande poergeskikt om te brûken yn 'e jachtbou.

Studinten kinne yn it laboratoarium kennis en ûnderfining opdwaan mei it materiaal komposyt. De oplieding skipsboukunde fan de NHL set op 1 septimber út ein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)