Ton foar auto's op grien gas

03 jan 2011 - 22:41
  • Boargemaster Crone hie goed nijs

De gemeente Ljouwert krijt in ton subsydzje om te ynvestearjen yn grien gas foar auto's. It bedriuwslibben leit der ek noch wat jild by en sa kinne der aanst hûndert ekstra auto's op bedriuweterrein De Hemrik op grien gas ride. Boargemaster Crone makke dat moandei bekend op de nijjiersresepsje.

De boargemaster sei fierders dat it wurk oan de nije dyk, de Heak om Ljouwert, noch dit jier los giet en dat de groei fan de Fryske haadstêd trochsette sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)