Ton Baas bliuwt langer boargemaster yn Midden-Drenthe

25 aug 2015 - 13:49

Ton Baas (VVD) bliuwt langer oan as waarnimmend boargemaster yn Midden-Drenthe. Baas wie earder boargemaster fan Boarnsterhim, waarnimmer yn Dongeradiel en Opsterlân en deputearre yn Fryslân. Eins soe der dit jier in opfolger socht wurde foar Baas yn Midden Drenthe, mar de Drintske kommissaris fan de Kening Jacques Tichelaar makke tiisdei bekend dat hy hjirmei wachtsje wol.

Reden is dat de bestjoerlike ferhâldings yn de gemeente op it stuit feroarje en dat proses wol er net fersteure.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)