Ton Baas yn omrop-bestjoer

04 jul 2007 - 11:30
  • Ton Baas

Ald-deputearre Ton Baas fan Aldeholtpea is beneamd ta lid fan de Ried fan Kommissarissen fan Omrop Fryslân. Baas is de opfolger fan it eardere PvdA-keamerlid Annet van der Hoek fan Frjentsjer.

Baas is op dit stuit waarnimmend boargemaster fan Opsterlân. De ried fan kommissarissen fan de omrop bestiet út fiif bestjoerders. Henk Sikkema is op dit stuit foarsitter fan de ried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)