Ton Baas sil VVD-karre lûke

27 apr 2006 - 17:20

Deputearre Ton Baas wurdt op 'e nij listlûker fan de VVD by de ferkiezings foar provinsjale steaten fan maart 2007. Dat hat de VVD tongersdei bekend makke. Der wiene gjin tsjinkandidaten. Baas hat sadwaande de stipe fan alle 1700 Fryske VVD'ers.

De Fryske VVD hopet by dy ferkiezings profitearje te kinnen fan 'e groei fan de partij yn de opinypeilings. By de riedsferkiezings fan maart wie de VVD noch ien fan de grutte ferliezers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)