'Ton Baas bêste steatelid'

06 mrt 2003 - 00:00

Fraksjefoarsitter Ton Baas fan de VVD is it bêste steatelid. Dat fine alteast syn kollega-politisy yn de Steaten. It Frysk Deiblêd hat alle steateleden frege nei har miening oer de kwaliteit fan de politisy. Baas wurdt sjoen as de bêste redenaar, dy't syn stânpunt koart en dúdlik ferwurdzje kin.

FNP'er Jan van der Baan hâldt neffens syn kollega's te lange ferhalen en Monique Boskma (VVD) hat de measte kennis fan saken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)