Tomtoms út auto's stellen

02 apr 2009 - 10:25

De plysje ûndersiket fiif auto-ynbraken yn de Snitser wyk Stadsfenne. Dêrby is navigaasje-apparatuer stellen. Nei alle gedachten hat de stellerij tiisdeitenacht plakfûn. By alle fiif auto's waard earst in rút fernield wêrnei't de Tomtoms út de auto helle waarden.

De plysje advisearret om navigaasjesystemen of oare kostbere saken net yn de auto achter te litten. De eigners moatte noch oanjefte dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)