Tomke no ek yn de taal fan Skiermûntseach

02 jun 2015 - 17:10
  • Tomke is der no ek yn de taal fan Skiermûntseach

Yn it ramt fan de Fryske foarlêswike is it Tomkeboek oersetten yn de taal fan Skiermûntseach. De hiele wike wurdt it boekje op it eilân foarlêzen op skoalle en op oare iepenbiere plakken. It inisjatyf foar de oersetting is naam troch de kultuerhistoaryske feriening fan Skier, 't 'Heer en Feer'. Dy wol dêrmei de taal foaral by de jeugd ûnder de oandacht bringe.

De taal fan Skiermûntseach driget út te stjerren. Goed 30 jier lyn wienen der noch sa'n 300 eilanners dy't de taal sprutsen. Hjoed-de-dei binne dat der minder as 40.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)