Tomke krijt in eigen radiostjoerder

09 okt 2015 - 16:08
  • Tomkeradio

Nei boeken en in televyzjeprogramma krijt Tomke no ek in eigen radiostjoerder. Omrop Fryslân set snein 18 oktober útein mei de nije digitale stjoerder Tomkeradio en is bedoeld foar bern yn de leeftiid fan 2 oant 7 jier.

De hiele dei binne der sawol ferskes as ferhaaltsjes te hearren op it ritme fan de dei. Dat betsjut moarns ferskes en ferhaaltsjes foar de lytste bern en middeis ferskes en ferhaaltsjes foar de wat gruttere bern. En om bêdtiid hinne binne der in oere lang Tomke ferhaaltsjes te hearren op de stjoerder.

Tomkeradio wurdt op snein 18 oktober lansearre by de berneboekedei yn Terherne en is fan dan ôf online te finen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)