Tomke foar de sechde kear los

04 nov 2002 - 00:00

De belangstelling foar Tomke nimt noch elts jier ta. Dit jier dogge 15.000 pjutten oan it lêsbefoarderingsprojekt Tomke mei. Al dy bern krije in pakket mei dêryn in CD mei lieten en ferhalen.

Nij is dit jier in kleurplate-aksje fia de sân McDonalds-festigings yn Fryslân. Fan moandei ôf is Tomke ek wer by Omrop Fryslân te sjen. It tema fan Tomke is dit jier 'muzyk'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)