Tomke ek yn it Papiamentsk

17 okt 2006 - 14:32

De bekende Fryske berneboekjes Tomke komme ek yn it Papiamintsk út, de taal fan it eilân Curaçao. It boekje wurdt nije wike oanbean oan 'e minister-presidint fan 'e Nederlânske Antillen. Dat sil wêze yn Willemstêd.

De Fryske bou-ûndernimmers dy't wurkje oan de Pontjesbrêge op Curaçao, hawwe de oanset jûn ta de oersetting. Tomke is oanpast oan 'e omstannichheden op it eilân. Dat hat te krijen mei de eigen kulturele identiteit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)