Tomke boekje oer de dea

18 mrt 2014 - 17:03
  • In fragmint út it boekje
  • De foarkant fan 'Dach leave pake Durk'

De Stifting Humanistyske Utfeartbegelieding hat tegearre mei de Afûk in Tomke boekje makke mei as tema rouferwurking. Yn it ferhaal 'Dach leave pake Durk' wurdt de pake fan Tomke siik. Uteinlik ferstjert er. Tomke leart hjirtroch hoe't in útfeart wurket. Yn it boekje wurdt ferteld oer de lêste reis fan pake nei it krematoarium, hoe dit giet oant it kofjedrinken ta.

It boekje wurdt op 12 maaie presinteard. Tomke is in foarlês- en taalstimulearringsprogramma yn it Frysk foar pjutten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)